Pers

Omrop Fryslân – reportage over tentoonstelling ‘poëziemachines’ door Karen Bies
Bies, Karen (24-01-2018) Poëziemachines in Tresoar voor LF2018. Hjoed. Leeuwarden: Omrop Fryslân.

Fjouwer metershege masines draaie stadich en sûnder lûd yn de stúdzjeseal fan Tresoar yn Ljouwert. Op de masines draaie banen fan likernôch in meter breed mei dêrop in ferskaat oan tekst en byld.

Klik hier voor de uitzending. 

—————————————————————

anytt01Friesch Dagblad – recensie over ‘dagen ferwaaie’ door Arjan Hut
Hut, Arjan (13-12-2017) Tiid lit dy achter as oansketten wyld. Friesch Dagblad, pag 34

Dagen ferwaaie stiet yn in skift dat ‘Seascapes’ hjit, seegesichten. Jansma swingt gauris as in akrobaat troch de taal. By syn foardrachten klinke rigels als koarte films wylst hy himsels begeliedt op in akkordeon.

Klik hier voor het artikel. 

—————————————————————

poëtisch prentenboek 'Wapper'

De Moanne – recensie door Paul van Dijk
Dijk, Paul van (28-09-2016) Iedereen wil wapperen! De Moanne, www.demoanne.nl/elkenien-wol-wapperje/

Reeder heeft samen met dichter Sytse Jansma aan de tekst gewerkt. De tekst loopt en swingt. Er is veel aandacht gegeven aan klank, alliteratie en zo nu en dan is er ook eindrijm.

Klik hier voor het artikel. En hier voor de NL-versie

—————————————————————

 Friesch Dagblad – recensie door Sigrid Kingmawapper-web
Kingma, Sigrid (15-09-2016) Understeboppen fan it fûgeltsje Wapper. Friesch Dagblad, pag. 13

It oars wêzen as oaren is in wichtich tema dat op basissoallen in soad brûkt wurdt. Dit boek lient him goed foar it oansnijen fan sa’n tema. It kin net oars as dat bern fan it boek hielendal ûndersteboppe binne.

Klik hier voor het artikel. En hier voor de NL-versie

—————————————————————

anytt01Konsenylje – recensie door Klaas van der Hoek
Hoek,
Klaas van der (21-04-2016) Fersen as nêstflechters. Konsenylje, http://www.konsenylje.nl/?p=8085

Assosjearjendewei kreëarret Jansma in talige werklikheid dy’t parallel bestiet nêst de ús omjouwende, wêrfan’t er it bestean mei dekonstruktivistyske holleknikjes en hântútsjes, soms opsichtich, soms ferhoalen, erkent. Jansma is net iensettich; hy referearret likegoed oan it sliepsankje ‘Suze nane poppe’ as oan de film Bye Bye Kipling fan Nam June Paik, in fideokeunstner, krekt as Jansma sels. Visual artists binne yn as nomaden yn tinten teplak nammers manmachtich oanwêzich, mei as wichtichste Jansma sels: winliken is de bondel in surrealistyske fideofilm.

Klik hier voor het artikel. En hier voor de NL-versie

—————————————————————

anytt01Frysk literêr tydskrift Ensafh – recensie door Geart Tigchelaar
Tigchelaar, Geart (dec.2015). Swervende gedichten. Ensafh nû. 6, pag. 37-40

Mei oare wurden binne wy as minsken yn it algemien en de gedichten yn it bysûnder – of soe it krekt oarsom wêze? – oeral op dizze wrâld teplak? De wrâld is lytser as ea en de grinzen wurde hieltiten dizeniger. Wy binne op ´e wrâld útfanhûs dêr’t ik mei bedoel dat it makliker as oait is oer de wrâld te swalkjen en dingen te ûntdekken, krekt as de gedichten fan Jansma. It is betiden krekt as wol Jansma ús der op útstjoere, oantrune om ris út jins eigen comfort zone te stappen.

Klik hier voor het artikel. En hier voor de NL-versie.

—————————————————————

anytt01Fers2 – recensie door Friduwih Riemersma
Riemersma, Friduwih (1 nov 2015). In ferdigening fan dichtkeunst. Fers2, http://fers2.eu/besprek19-011115-fririemersma.html

Dat is wat as nomaden sjen lit: de oarsprong fan fan betsjuttingjaan is it by it sjen fan in nije wolk fuortendaliks oanwizen fan “lollytongen”, “blokken”, “wite smynk”! (s. 54, 52, 54) Sa wiist as nomaden hieltyd om him hinne, mei wurden, want dat is it ûnferbidlik foarstadium fan betsjutting.

Klik hier voor het artikel

—————————————————————

anytt01Leeuwarder Courant – 2015 jaaroverzicht
Dam, Eppie (18-12-2015). ‘Wat 2015 bijzonder maakte – Fryske poëzy’ Leeuwarder Courant, pag. 4 (Freed-bijlage)

Jansma sjeneart him nergens foar, en wêrom soe er ek mei syn útsprutsen idee oer dichtsjen. Neologismen, wurdopheapingen, klustere klanken, âlderwetse alliteraasjes – alles wurdt ynset mei sukses. Jongehûnepoëzy dy’t blaft stjin ´e moade.

Klik hier voor het artikel.

—————————————————————

anytt01De Moanne – recensie door Arjan Hut
Hut, Arjan (7-12-2015). “The sparkle of your china, the shine of your Japan”. De Moanne, http://www.demoanne.nl/the-sparkle-of-your-china-the-shine-of-your-japan/

Somtiden liket it as hat ien him in stik krante jûn en sein fan: skriuw in leafdesgedicht en brûk dêrby allinne wurden dy’t yn dit artikeltsje oer ‘korrupsje yn Botswana’ foarkomme. En hy rêdt him dermei!

Klik hier voor het artikel. En hier voor de NL-versie.

—————————————————————

anytt01Friesch Dagblad – recensie door Abe de Vries
Vries, de Abe (17-10-2015). Dweilorkest spilet partituer fan strykkwartet. Friesch Dagblad, pag 23

Dat Jansma yn de Fryske poëzij wat nijs docht, betsjut net dat der yn dizze fersen gjin foargongers meiklinke soene. Al lêzendewei tinkt men wolris oan de poëzij fan Sjoerd Spanninga, R.R. van der Leest, Anne Feddema en Elmar Kuiper: oan it eksoatyske fan de earste, it klankboartlike fan de twadde, it ferwizen nei keunst fan de tredde en de foarmbehanneling fan de fjirde. It is yn de kombinaasje fan al dy eleminten dat it eigene fan Jansma syn poëzijopfetting skûlet.

Klik hier voor het artikel. En hier voor de NL-versie.
—————————————————————

anytt01Leeuwarder Courant – recensie door Eppie Dam *****
Dam, Eppie (25-9-2015). It wetter skaaft as waffenbalades fan Wagner. Leeuwarder Courant, pag. 6 (Freed-bijlage)

Fiif skiften telt de bondel, en se steane allegear as in hûs, slepe tagelyk mei as krinkeljende streamfersnellings. Der soe in resinsje fol te skriuwen wêze mei oars net as klinkende rigels en útdaagjende bylden.

Klik hier voor het artikel. En hier voor de NL-versie.
—————————————————————

anytt01Leeuwarder Courant – interview door Sietse de Vries
Vries, Sietse de (18-09-2015). Genietsje fan wat taal te bieden hat. Leeuwarder Courant, pag. 8 (Freed-bijlage)

Yn de fersen tûmelje de wurden sa nuvere assojatyf en sa faak sûnder oanwiisber ferbân oer elkoar hinne dat se by wa’t him in foarstelling fan de dichter besiket te meitsjen bylden oproppe fan in fantasijrike, gaotyske geast dy’t meastentiids fier boppe it deistige libben fan de trochsneed boargerman sweeft. Yn wurlikheid is Sytse Jansma (1980) skoalmaster (…)

Klik hier en hier voor artikel

—————————————————————

Leeuwarder Courant – Kirsten van Santen over ‘typografisch guerillacollectief’
Santen, Kirsten van (25 april 2012) Typografisch guerillacollectief zet door. Leeuwarder Courant, pag. 9

Klik hier voor artikel.

—————————————————————

Leeuwarder Courant – Marscha van der Vlies over ‘Landscape Poetry’
Vlies, Marscha van der (5 maart 2012). Landscape Poetry: Friesland als leesplankje. Leeuwarder Courant, pag. 7

—————————————————————

wa_tate_seit_webLiterair (internet)tijdschrift Ensafh – interview door Hedwig Terpstra
Terpstra, Hedwig (2010). Sytse Jansma: ‘Ik mei graach boartsje mei de wurklikheid.’, http://www.ensafh.nl/?p=12151

 

 

—————————————————————

wa_tate_seit_webLiterair (internet)tijdschrift Ensafh – Wa wint de GJ-Priis 2009? (10)
Smink, J.Q., Groot, Edwin de (9 juni 2009). Wa wint de GJ-Priis 2009? (10). Geraadpleegd op november 2014, http://www.ensafh.nl/?p=2259

Neist R.R. van der Leest, Anne Feddema en Hu Thung-Song is der wer in poëtysk jongleur opstien yn it literêre útspansel fan Fryslân. De dichter Sytse Jansma hat yn 2008 syn earste bondel mei (eksperimentele) poëzy ferskine litten by de Friese Pers Boekerij. Der sit in dvd by mei in tal filmkes mei muzyk by inkelde gedichten. Ek hy is in gadingmakker nei de Gysbert Japicxpriis 2009 foar poëzy.
 
—————————————————————
wa_tate_seit_webLiterair (internet)tijdschrift Ensafh – recensie door Piter Boersma
Boersma, Piter (2009). Merakels sa’t it klinkt en springt! Junglemuzyk yn Harns. Ensafh, nr. 2, pag. 59-63, 2009

Sytse Jansma hat yn syn debútbondel op linige wize fan alles útprebearre, konstanten dêrby binne de boartlik-absurdistyske ynhâld en de klam op klank, assosaasje en ritme.

Klik hier voor de recensie.

 
—————————————————————
wa_tate_seit_webLiterair (internet)tijdschrift Ensafh – interview door Hidde Boersma over ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’ 
Boersma, Hidde (2009). Ik wit net hoe’t ik yn Harns in akster roppe moat. Geraadpleegd op november 2014, http://www.ensafh.nl/?p=1130
Mei Wa’t tate seit moat ek whisky sizze hat Sytse gjin maklike bondel skreaun, men moat der echt foar sitten gean en jin der miskien wol even ta sette. Dat docht Sytse mei sin. ‘Besykje hjir ek mar ris nei te sjen,’ seit er. Yn syn fersen wol er de kompleksiteit en de nuveraardichheden fan it libben en de wrâld net fange yn in rûn gehiel, mar wol er krekt rjochtdwaan oan de gaos om ús hinne.

—————————————————————

wa_tate_seit_webLiterair (internet)tijdschrift Ensafh – Recensie door Rieuwert Krol over ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’
Krol, Rieuwert. Lûden en bylden. mei 2009, http://www.ensafh.nl/?p=1703

Sytse Jansma hat oer it generaal dochs in nijsgjirrige toan en wol wat nijs dwaan mei de poëzij. Hy is in keunstner, dy’t de taal hantearret as de skilder de ferve of de gitarist de noaten.

 

—————————————————————

wa_tate_seit_webLeeuwarder Courant – Recensie door Harmen Wind over ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’
Wind, Harmen. (13 maart 2009) Fersen as skippyballen. Leeuwarder Courant, pag. 9

Sytse Jansma kin byskreaun wurde yn de rige fan ‘multitalinten’, dichters dy’t oan taal net genôch ha, lykas Anne Feddema, Elmar Kuiper. Hy skriuwt en makket films.

Klik hier en hier voor artikel.

—————————————————————

still_seemansferhaalNPS New Arrivals –  Nominaties ronde vier NPS New Arrivals 
Redactie NPS New Arrivals. Nominaties ronde vier NPS New Arrivals. Geraadpleegd op 25 september 2008,  Redactie  http://www.cinema.nl/english-nps-new-arrivals/artikelen/3760681/announcement-of-the-nominees-of-the-fourth-round-2008?menu=personal

The animation film ‘In Seemansferhaal’ by Sytse Jansma received the most online votes from the public.

—————————————————————

still_seemansferhaalDe Moanne – verslag Noordelijk Filmfestival door Sjoerd Meteren
Meteren, Sjoerd. (dec. 2008) Verslag Noordelijk Filmfestival. De Moanne nr 10, pag. 45/46

Een prominente rol speelde Sytse Jansma. Zijn animatiefilm In seemansferhaal heeft deallure van de eerste gitaarsolo’s van Britse groepen uit de jaren ’60.
Nog niet gehinderd door een gelikte techniek, maakt hij een overrompelend creatief gebruik van het ‘nieuwe medium’. Een juweeltje.

[xyz-ihs snippet=”share-sidebar”]