As nomaden yn tinten teplak (2015) – Studio Sytse Jansma

As nomaden yn tinten teplak (2015)

dichtbundel

Boek Cover As nomaden yn tinten teplak (2015)

Yn 2008 debutearre Jansma mei de bondel ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’. Yn ‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’ ferkent Jansma de grins tusken it libben sels en de poëzij. Yn dizze twatalige bondel moat it stjoerende karakter fan taal bleatlein wurde. It is poëzij dy’t oer grinzen gean wol en nije wrâlden moetsje. Gedichten dy’t as nomaden omswerve wolle.

Verschenen:
Fragment:

gedicht

Recensies:Eppie Dam opLeeuwarder Courant schreef:

by Jansma is de taal sels autonoom en ferwize wurden nei wurden: de lêzer moat deryn, nee, oan leauwe, him deroan oerjaan. Wa’t dy sprong yn ‘t tsjuster weaget – sa hat op syn minst ien lêzer ûnderfûn – krijt der skitterjende wûnders foar werom.
Fiif skiften telt de bondel, en se steane allegear as in hûs, slepe tagelyk mei as krinkeljende streamfersnellings. Der soe in resinsje fol te skriuwen wêze mei oars net as klinkende rigels en útdaagjende bylden. Wat te tinken fan : ‘sa’t it wetter troch it soal skaaft / as waffenballades fan wagner’. Sa’n dichter sit nergens om ferlegen, mar likegoed fersuchtet er: ‘o, seesicht / hoe kin ik dy fêstlizze yn de hurde kadasters fan taal’. Troch taal floeiber as muzyk te meitsjen, wat Jansma docht.
Sytse Jansma hat de poëzy ferrike mei in juwiel fan in bondel: Frysk as de hagel, Hollânsk as de sykte, kosmys as it hielal fan Gagarin. Mar hoe fierdragend ek en iepen, úteinlik bliuwt er by syn woartels, ticht by syn taal, en ticht by it folk dat er blykber goed ken: ‘foar de barabbassen fan fryslân / draach ik dizze taal / as fluch stik matse / as bleate batseba / as kristus de dichter’. Dompelje jim ûnder en sis amen. – ( Ut:: resinsje Eppie Dam, Leeuwarder Courant, 25 septimber 2015)

Klaas van der Hoek opKonsenylje schreef:

Assosjearjendewei kreëarret Jansma in talige werklikheid dy’t parallel bestiet nêst de ús omjouwende, wêrfan’t er it bestean mei dekonstruktivistyske holleknikjes en hântútsjes, soms opsichtich, soms ferhoalen, erkent. Jansma is net iensettich; hy referearret likegoed oan it sliepsankje ‘Suze nane poppe’ as oan de film Bye Bye Kipling fan Nam June Paik, in fideokeunstner, krekt as Jansma sels. Visual artists binne yn as nomaden yn tinten teplak nammers manmachtich oanwêzich, mei as wichtichste Jansma sels: winliken is de bondel in surrealistyske fideofilm.

Geart Tigchelaar opEnsafh schreef:

Mei oare wurden binne wy as minsken yn it algemien en de gedichten yn it bysûnder – of soe it krekt oarsom wêze? – oeral op dizze wrâld teplak? De wrâld is lytser as ea en de grinzen wurde hieltiten dizeniger. Wy binne op ´e wrâld útfanhûs dêr’t ik mei bedoel dat it makliker as oait is oer de wrâld te swalkjen en dingen te ûntdekken, krekt as de gedichten fan Jansma. It is betiden krekt as wol Jansma ús der op útstjoere, oantrune om ris út jins eigen comfort zone te stappen.

Friduwih Riemersma opFers2 schreef:

Dat is wat as nomaden sjen lit: de oarsprong fan fan betsjuttingjaan is it by it sjen fan in nije wolk fuortendaliks oanwizen fan “lollytongen”, “blokken”, “wite smynk”! (s. 54, 52, 54) Sa wiist as nomaden hieltyd om him hinne, mei wurden, want dat is it ûnferbidlik foarstadium fan betsjutting.

Eppie Dam opLeeuwarder Courant schreef:

Jansma sjeneart him nergens foar, en wêrom soe er ek mei syn útsprutsen idee oer dichtsjen. Neologismen, wurdopheapingen, klustere klanken, âlderwetse alliteraasjes – alles wurdt ynset mei sukses. Jongehûnepoëzy dy’t blaft stjin ´e moade.

Arjan Hut opDe Moanne schreef:

Somtiden liket it as hat ien him in stik krante jûn en sein fan: skriuw in leafdesgedicht en brûk dêrby allinne wurden dy’t yn dit artikeltsje oer ‘korrupsje yn Botswana’ foarkomme. En hy rêdt him dermei!

Abe de Vries opFriesch Dagblad schreef:

Dat Jansma yn de Fryske poëzij wat nijs docht, betsjut net dat der yn dizze fersen gjin foargongers meiklinke soene. Al lêzendewei tinkt men wolris oan de poëzij fan Sjoerd Spanninga, R.R. van der Leest, Anne Feddema en Elmar Kuiper: oan it eksoatyske fan de earste, it klankboartlike fan de twadde, it ferwizen nei keunst fan de tredde en de foarmbehanneling fan de fjirde. It is yn de kombinaasje fan al dy eleminten dat it eigene fan Jansma syn poëzijopfetting skûlet.

Eppie Dam opLeeuwarder Courant schreef:

Fiif skiften telt de bondel, en se steane allegear as in hûs, slepe tagelyk mei as krinkeljende streamfersnellings. Der soe in resinsje fol te skriuwen wêze mei oars net as klinkende rigels en útdaagjende bylden.

Sietse de Vries opLeeuwarder Courant schreef:

Yn de fersen tûmelje de wurden sa nuvere assojatyf en sa faak sûnder oanwiisber ferbân oer elkoar hinne dat se by wa’t him in foarstelling fan de dichter besiket te meitsjen bylden oproppe fan in fantasijrike, gaotyske geast dy’t meastentiids fier boppe it deistige libben fan de trochsneed boargerman sweeft. Yn wurlikheid is Sytse Jansma (1980) skoalmaster (…)


tweetalige dichtbundel